Seiunshō 星雲賞 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Japansk | |
útrikt foar | science fiction-,fantasy- en horror- literatuer en -film | |
útrikt troch | Seiun (tydskrift) | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 1970 | |
offisjele webside | ||
gjint |
De Seiun-prizen (Japansk: 星雲賞, Seiunshō) binne in groep Japanske prizen dy't elts jier yn ein augustus útrikt wurde oan 'e bêste literêre en ferfilme Japansktalige science fiction-, fantasy- en horrorwurken fan it foargeande jier. Seiun is Japansk foar "dize" (yn 'e sin fan in gaswolk yn 'e romte), dat de priis hat dus deselde namme as de Amerikaanske Nebula Award, mar de beide prizen hawwe fierders neat mei-inoar út te stean, en de Seiun-priis is eins ferneamd nei in Japansk science fiction-tydskrift fan deselde namme, dat yn 1954 oprjochte waard. De Seiun-priis, dy't foar it earst útrikt waard yn 1970, is fierwei de wichtichste Japanske science fiction- en fantasypriis en kin datoangeande as de Japanske ekwifalint fan 'e Amerikaanske Hugo Award beskôge wurde.